Ophâlde
‘Ophâlde mei keatsen’ wie in útspraak dy’t hingjen bleau nei Stiens. Je tinke dan oan keatsers dy’t harren want pakke, de bal by de skiedsrjochter ynleverje en dan nei de klaaikleamers geane. Soks bart allinnich as je der as partoer ôf binne. Dizze útspraak fan Tjisse hie te krijen mei de finale tsjin Peter, Allard en Kevin-Jordi. Hie net lang tiid om nei te tinken oer dat ‘ophâlde mei keatsen’, mar it kwartsje foel al rille gau.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Jan Hoekstra
Keatse is in spultsje dat begjint mei de bal oan de opslach yn te bringen. De twa perkspilers slagge út om in keats te lizzen of wat fierder út om de bal oer de boppe te jeien. By it lizzen fan in keats moat de oare opslagger opslaan. Nei twa keatsen ruilje. No is dit net bedoeld om it minsken op dit plak út te lizzen hoe’t it spultsje giet.
As je de bal ynbringe en dy bal wurdt útslein, dan binne je oan it keatsen. As je de bal bûten it perk bringe dan hâlde je eins op mei keatsen want it spul fan op en út leit stil. Dus op 4-2 en 4-6 hâldt Peter op mei keatsen want hy bringt de bal bûten. Fergelykje it mar mei fuotbal, in bal yn de tribune skoppe betsjut dat je net fuotbalje, ek al skoppe je wol tsjin in bal oan.
Moat sizze dat Peter, en benammen Allard en ek Kevin-Jordi it dy earste seis earsten geweldich dienen. Mannen witte wat se dogge, ruilje geregeldwei yn it perk as it heaket of om taktise redenen en Kevin wol op oare dagen ek noch wolris de hege bal efteryn jaan. Yn Stiens trouwens net. Miskien wol om’t Stiens it plak is wêr’t Kevin-Jordi as jongeskeatser wat minne ûnderfiningen hat mei folwoeksenen yn de haadrol. En dat betsjutte dat hy yn syn bêste jier letterlik ‘ophâlde mei keatsen’ yn in oare betsjutting.
Dat ‘ophâlde mei keatsen’ wie benammen fan tapassing op de partij tusken Jorrit, Sjoerd en Jan tsjin Johan, Gabe Jan en Hendrik. Wa’t it it langst folhâlde mei ‘ophâlde mei keatsen’ wie de ferliezer want wat waard der in soad bûten de linen fan de krite slein. Je kinne soks in spannende partij neame, mar je kinne it ek in kuiertocht fan de lamme en de bline nei de ôfgrûn neame en dan moast it tafal mar útmeitsje wa’t it earst oer de râne foel.
Yn tal dagen útdrukt is Tjisse langer ‘ongeslagen’ as Johannes Brandsma yn 1982. Dat tal is no 42 dagen wylst Johannes op 22 dagen útkomt. Dat seit ek wat oer it tal partijen dat yn dy tiid hâlden waard. Ja maar…sille minsken roppe, Tjisse syn partoer hat ek hast gjin tsjinstân. Is net wier as we de sifers fan ferline jier der by pakke. Dan telle wy dochs sa’n fjouwer toppartoeren dy’t oant no ta ‘ophâlden binne mei keatsen’, om it sa mar efkes te sizzen.
Oer tsjinstân sprutsen. Doe’t Johannes by Sake en Piet Jetze kaam yn 1982 rôp elk dat der no neat mear oan wie. Yn 1982 16 fan de 20, yn 1983 11 kear en yn 1984 13 kear wûn. In keningspartoer dat de tiid ek mei hie. Want de bêste keatser fan 1976 ôf oant 1979 wie Wieb van Wieren. Achteryn en mei in twadde, faak hege bal as opslach. Mar fan 1979 ôf oant 1982 sukkele Wieb mei de mage en rekke út de maten. Pas yn ‘e rin fan 1982 waard dat better en pas nei de PC fan 1982 - op 14 augustus - waard it partoer fan Peter Rinia, Wieb van Wieren en it grutte talint Tunno Schurer foarme.
Kaam noch by dat de 'veel winnende' generaasje Klaas van Wieren, Sjouke de Boer, Flip Soolsma, Dirk Talsma en ek Jarich van der Veen stopten yn 1982 en 1983. Dat patroan is ek te sjen yn 2010. It earste jier fan it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Chris Wassenaar hâlde op nei 2008 en Auke van der Graaf die dat ek. De nûmers ien en trije yn it puntenklassemint fan 2008.
Yn de jierren 2010, 2011, 2012 en 2013 wie der eins net in oar toppartoer dat it opnimme koe tsjin it partoer fan Gert-Anne. ‘Sa, hjoed efkes de krânse ophelje’, sa fertelde Gert-Anne letter oer dizze tiid. Yn dy earste twa of trije jier hienen de oaren neat te fertellen, of yn elts gefal wienen se te ritich oer in hiel keatsjier om de namme toppartoer te fertsjinjen. De nûmer 4 fan it jierklassemint fan 2010 hie 6 earste prizen, de earste trije hienen 17, 16 en 15. Dus…
Wat der no bart, hie ferline jier ek barre kind. In jier lyn skatte ik it tal krânsen fan Menno, Rick en Tjisse op acht yn maaie. Ferkeard dus fanwege mankementen by alle trije. Dit jier binne se fit, frij fan pine.
Pine en sykte, dy stap is hiel grut as je it oer sike bern ha. En as je dan helpe kinne lykas Jan Hoekstra docht, dan komme je op foarhân al yn de kategory toppartoer ek al sitte je allinnich yn sa’n partoer. ‘Ophâlde’ dus yn in oar ferbân as mei keatsen. Ophâlde mei nei de kapper gean, ophâlde mei it ynkoartsjen fan eigen hier. Dus it hier groeie litte, wêr’t Jan in skoft lyn mei begûn is.
Sûnt dit jier kin Jan dus sa mar in kantoarbaan krije, sa netsjes is alles knipt. Jan hie 39 sintimeter levere yn 4 sturtsjes, sa fertelde hy yn Frjentsjer. Want it hier kin net los ferstjoerd wurde en de lingte moat teminsten 35 sentimeter lang wêze.
Jan die it foar sike bern, Jan die it foar de Stichting Haarwensen, Jan die it foar al dy sike famkes dy’t troch sykte harren hier kwyt rekke binne. Dy famkes krije troch dat hier wer wat selsbetrouwen, sa is op de site fan Stichting Haarwensen te lêzen. As je lykas Jan al dy famkes in bytsje helpe kinne oan wat mear selsbetrouwen, dan ha je gjin tsjinstanners nedich, dan binne je in toppartoer dy’t op en út elke wike mei de krânse thús komt.